Skeel oer tennisbanen Raerd

24 maaie 2011 - 22:46

De sportstichting Raerd stapt nei de rjochter fanwege in skeel mei de gemeente Boarnsterhim oer nije tennisbanen. De gemeente hat jild klearlizzen foar nije gravelbanen. It doarp soe nei de oanlis sels de kosten foar it ûnderhâld betelje moatte.

De sportstichting wol leaver keunstgersbanen, omdat dy folle goedkeaper te ûnderhâlden binne. Troch al dizze argewaasje hat de gemeente it kontrakt mei de tennisklup opsein en moat it kompleks yn 2012 ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)