Man ferdronken yn Harns

24 maaie 2011 - 22:08

In âldere man is tiisdeitejûn yn it sintrum fan Harns ferdronken. De Harnzer is nei alle gedachten net goed wurden en yn it wetter fallen. It ûngelok barde op de Riedstrjitte.

In jonge fan 13 seach de man yn it wetter driuwen en hat syn mem warskôge. De brânwacht hat de man út it wetter helle. De traumahelikopter is noch nei it plak fan it ûngelok flein om te helpen, mar de man wie net mear te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)