Konsesjes Doeksen en Wagenborg

Rederij Doeksen en Rederij Wagenborg ha tiisdei offisjeel foar 15 jier in konsesje krigen om de fearferbining nei de Waadeilannen te fersoargjen. Doeksen fart de kommende jierren op Skylge en Flylân en Wagenborg op It Amelân en Skiermûntseach.
De konsesje foar Doeksen betsjut dat rederij EVT gjin rjocht krijt om in feartsjinst te ûnderhâlden. De Eigen Veerdienst Terschelling fart op dit stuit noch wol tusken Skylge en Harns en hat krekt ek noch in fearboat kocht.