Fryske flinter útstoarn

24 maaie 2011 - 16:09
  • De 'Zilverenmaan'

Steatsboskbehear tinkt dat de flinter de 'Zilverenmaan' út Fryslân ferdwûn is. Der is noch ien plak dêr't dizze flinter mooglik noch foarkomme kin, it Houtwiel by Twizel. Mar eins hat de natoerbehearder de hoop al opjûn.

Probleem is dat der sompige blomrike greiden nedich binne om de soart werom te krijen en dy binne der net genôch. Der binne wol plantsjes om aaien op te lizzen en blommen dêr't nektar út helle wurde kin. Mar dy stean no te fier útelkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)