Garnalefiskers yn Den Haach

De LO17 foar de wâl
Garnalefiskers út Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân ha tiisdei by Twadde Keamerleden yn Den Haach omtinken frege foar har minne ekonomyske situaasje. Se ha yn in petysje frege om help. De fiskers lizze al fiif wike foar de wâl om sa te besykjen de priis fan de garnalen omheech te krijen.
Se ha neffens eigen sizzen gjin goede ynstruminten om fraach en oanbod fan garnalen op elkoar ôf te stimmen en om de balâns mei de natuer goed te hâlden.