Korte mooglik scout Cambuur

Sportklup Cambuur hat Jan Korte op it each as haad-scout. Korte wurket op dit stuit by BV Veendam, mar troch besunigings moat hy dêr wei. Korte hat wol earen nei de funksje by de Ljouwerters, mar moat de saken by Veendam earst ôfhannelje.
Korte spile yn it ferline foar Veendam en Go Ahead Eagles. Hy wie ek trainer en algemien direkteur by de Feankoloanialen. Hy is takom seizoen trainer fan earsteklasser Nieuw Buinen en runt ek in eigen fuotbalskoalle.