Krityk op nije brêge Ljouwert

24 maaie 2011 - 13:58
  • De Greijdanusbrêge

Boatsjeminsken yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren binne min te sprekken oer de nije Greijdanusbrêge. Dizze brêge ferbynt Ljouwert mei de gemeente Boarnsterhim. Lytse boatsjes kinne ûnder de brêge troch, mar gruttere boaten moatte har melde fia in meldknop. Dy knop is min te berikken. Foaral as it hurd waait is dat in drege put, ek om't der gjin lisplakken by de brêge binne.

Nettsjinsteande de klachten is de brêge tiisdei offisjeel iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)