Tûzenen guozzen moatte dea

24 maaie 2011 - 10:52

Fan de 17.000 skiere guozzen yn Fryslân moatte der nei fiif jier de helte ferdwine. Dat stiet yn it lanlik akkoart dat no definityf sletten is tusken de natoerorganisaasjes en de boeren. De jagers diene earder ek mei, mar binne no ôfheakke.

De sopguozzen, eksoaten en de hjir briedende pauguozzen wurde ek oanpakt. De guozzen dy't hjir winterdeis te gast binne wurde mei rêst litten. It Fryske Gea hopet dat de jagers toch meidwaan sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)