Huygensbeurs foar Wikelse

24 maaie 2011 - 10:29

Saksofoniste Marike van Dijk fan Wikel hat ien fan de meast prestisjeuze beurzen fan Nederlân krigen. It giet om de Huygensbeurs. Dizze wurdt mar fiif jier lang útrikt, dit jier foar it lêst. Mei-inoar hawwe 88 studinten de beurs krigen. Twa dêrfan binne muzikant lykas Van Dijk.

Se krijt 86.000 euro, dêrfan sil se twa jier nei New York om dêr fierder te studearjen. Njonken in master saksofoan is dat filmmuzyk en komposysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)