Auto yn 'e brân op de A7

24 maaie 2011 - 10:10

Op de A7 by Twellingea is moandei in auto yn de brân flein. De 55-jierrige bestjoerder út Appelskea fernaam dat de motor begûn te hakkeljen. Eefkes letter begûnen de kontrôlelampkes te baarnen en kaam der reek ûnder de motorkap wei.

De bestjoerder hat de auto doe oan de kant set. Dêr fleach de auto yn 'e brân en baarnde folslein út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)