Kassa stellen op It Fean

24 maaie 2011 - 10:01

By in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean is moandeitejûn de kassa stellen. In tsjûge hearde om healwei tolven in hurde knal en seach hoe't in man troch in stikkenslein rút de winkel ynkrûpte. Eefkes letter kaam er der mei in kassalaad wer út.

Doe't de tsjûge begûn te razen, naaide de dief út fia de Molensteeg. De plysje hat noch nei him socht, mar koe him net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)