Skylge gerêst oer strieling

24 maaie 2011 - 08:37

De problemen op Skylge mei auto's dy't net starte wolle en kompjûters dy't samar útfalle, kinne net feroarsake wêze troch de GSM-antennemêst op it eilân. De strieling bliuwt royaal binnen de noarmen, sa hat bliken dien út ûndersyk.

In meiwurker fan it Antennebureau hat moandei útlis jûn en de bewenners gerêst stelle kinnen. De gemeente sjocht gjin reden om nije oanfragen foar antennemêsten ôf te wizen, sa hat de wethâlder sein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)