Syktocht identiteit CDA

23 maaie 2011 - 21:36
  • CDA-foarsitter Ruth Peetoom

De syktocht fan Fryske CDA'ers nei de identiteit fan de partij is in goed begjin om it CDA wer op de rit te krijen. Dat fynt de nije foarsitter fan de partij Ruth Peetoom. Se wie moandei op wurkbesite yn Fryslân.

Nei it ferlies by de Twadde- Keamerferkiezings en opskuor oer de gearwurking mei de PVV is de ôfdieling Fryslân begûn mei in syktocht nei de boarne om de partij tichter by de kiezer te krijen. Peetoom wol de ûnderfinings fan hjir lanlik brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)