Better winkelsintrum Kollum

23 maaie 2011 - 17:02

Nei it sintrum fan Kollum moatte mear klanten komme. Neffens de gemeente komme der wol in soad minsken nei Kollum om te boadskipjen, mar net nei it winkelsintrum dat 200 meter fierder is. De gemeente wol dêrom it gebiet tusken de supermerken en it winkelsintrum yngeand oanpakke.

Alde gebouwen wurde sloopt, der komme nije winkels en der moatte mear parkearplakken komme. Moandei tekene wethâlder Visser dêrfoar in kontrakt mei ferskate projektûntwikkelders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)