Liening foar Sealesintrum
De gemeente Skarsterlân wol de Stichting Parochyhûs Sint Nyk in liening sûnder rinte jaan fan 80.000 euro. Mei de liening moat de stichting de finansjele problemen fan it sealesintrum fan Sint Nyk oplosse. Nei in grutte ferbouwing yn 2009 bleau de stichting mei in tekoart sitten. De gemeente seit as betingst wol dat it hjoeddeistige bestjoer opstappe moat.
De liening fan 80.000 euro, tegearre mei in eardere liening fan 150.000 euro, moatte yn 2040 ôfbetelle wêze.