Bewenners flat net nei hûs

23 maaie 2011 - 16:28

De 160 bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert kinne moandeitenacht net nei hûs. Se wurde opfongen by famylje en freonen en yn hotels. Foardat de minsken werom nei hûs meie, moat earst dúdlik wêze wat de oarsaak is fan it ûngelok mei de galerij. Dêrfoar wurdt ûndersocht oft de struktuer fan it gebou noch yntakt is.

Om healwei ienen kaam in galerij oer sa'n 4 meter breedte nei ûnderen. Alle ûnderlizzende galerijen kamen mei nei ûnderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)