Konvenant helpferlieners

De plysje is ien fan de ynstânsjes
Om de kommunikaasje by kalamiteiten en rampen te ferbetterjen is moandei in konvenant tekene tusken ferskate helpferlieningsorganisaasjes lykas de plysje en brânwacht, de Fryske gemeenten, wetterbedriuw Vitens en netwurkbehearders fan gas en stroom.
It doel fan it konvenant is dat de organisaasjes elkoar gauwer witte te finen, sadat ôfspraken makke wurde kinne. De ôfspraken moatte ek de foarljochting oan boargers ferbetterje.