Galerij flat Ljouwert ynstoart

23 maaie 2011 - 12:46

By de Antillenflat yn Ljouwert is in part fan de galerij nei ûnderen kaam. Oer in breedte fan inkele meters is de galerij oer in hichte fan fiif ferdjippingen ynstoart. Der soe net ien ferwûne rekke wêze.

De 160 bewenners fan de 100 wenningen yn de flat binne evakuearre. Der wurdt ûndersocht oft de konstruksje fan de flat wol sterk genôch is. De bewenners wurde sa lang opfongen yn de kantine fan it Friesland College.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)