Promoasjesite Weststellingwerf

23 maaie 2011 - 11:31

De Stichting Promotie Weststellingwerf hat de webside www.afslagwolvega.nl lansearre. De site is foaral bedoeld om Weststellingwerf ûnder de oandacht te bringen. Foar de ûndernimmers is it in sintraal plak dêr't se har berjochten kwyt kinne.

Sûnt in jier fiert de Stichting Promotie Weststellingwerf kampanje ûnder de titel 'Afslag Wolvega'. Dêrfoar is in reklamefilmke makke oer wenjen en wurkjen yn de gemeente. Der wurdt no wurke oan in twadde filmke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)