Balkster driget mei mes
De plysje hat sneintemiddei yn Balk in jonge fan 15 oanhâlden op fertinking fan bedriging. De jonge hie in 17-jierrige ynwenner fan Aldegea op strjitte om in sigaret frege.
De Aldegeaster wegere dat, wêrop't de Balkster in mes pakte en de oar dêrmei bedrige. De Aldegeaster belle 112 en de plysje rekkene de jonge yn.