Garnalefiskers stake troch

23 maaie 2011 - 10:03

De Fryske garnalefiskers lizze nei fjouwer wiken aksjefieren noch altyd yn de haven. Doel fan de staking wie om de priis fan de garnalen omheech te krijen. Se barre no minder as de kostpriis. De ferwachting wie dat de fiskers nei fjouwer wiken wol wer útfarre soene, mar der is noch neat oan de priis feroare.

De fiskers hawwe moandei oerlis yn Dútslân en Den Oever en sille tiisdei nei De Haach. Dêr wurdt in petysje oerlange oan de fêste keamerkommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)