Krânsen foar Olijnsma-en-dy

Hylke Bruinsma (argyffoto: Henk Bootsma)
It partoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra hat snein foar it earst dit seizoen in frije formaasje keatspartij op syn namme skreaun. Yn Sint Anne wiene Olijnsma-en-dy mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma, dy't ferline wike noch wûnen. Marten Feenstra waard ta kening keazen.
It earsteklas partoer fan Jan Brandt Wiersma, Pieter-Jan Plat en Jouke Bosje pakte de tredde priis.