Cambuur leit út play-offs

22 maaie 2011 - 17:19

Yn in ôfgryslik spannend duel tsjin FC Zwolle is Cambuur útskeakele foar de neikompetysje. Cambuur ferlear de beslissende penaltysearje mei 7-6. Krekt de fan Zwolle hierde Dennis van der Wal miste foar de Ljouwerters.

Cambuur stie by it skoft mei 1-0 foar troch Mark de Vries. Zwolle kaam yn de twadde helte werom troch treffers fan Van der Haar en Wildschut. Yn de ferlinging waard net mear skoard. Oguzhan Türk skeat yn de lêste minút noch op de latte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)