Partoer Wagenaar pakt winst

22 maaie 2011 - 16:35

It partoer fan Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot hat de earste keatsoerwinning fan dit seizoen te pakken. Yn Berltsum wûnen se de finale mei 5-1 en 6-0 fan Joukje Kuperus, Renske Terwisscha van Scheltinga en Margriet Bakker. Wagenaar-en-dy wûnen yn de earste omloop al fan it favorite partoer fan opslagger Margriet Koelmans.

De lytse preemje gie nei Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)