Van Lunzen bêste Fries

22 maaie 2011 - 15:11

Atleet Remon van Lunzen fan Ljouwert is snein fjirde wurden op de heale maraton fan Ljouwert. Yn de Loop van Leeuwarden rûn hy in tiid fan 1.13:13. Van Lunzen wie yn dizze thúswedstriid de bêste Fries. Winner by de mannen waard Gert-Jan Wassink út Apeldoarn, mei 1.08:15.

Mariska Kramer fan Drachten waard by de froulju twad yn in tiid fan 1.23:14 efter winnares Nadja Wijenberg fan Schinnen dy't in tiid delsette fan 1.20:55.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)