Feanster ynelkoar slein

22 maaie 2011 - 14:31

In 29-jierrige man út It Hearrenfean is sneontenacht yn syn wenplak oppakt foar mishanneling. Op de Gedempte Molenwijk sloech de man sûnder oanlieding en 46-jierrige Feanster yn it gesicht.

It slachtoffer foel tsjin in izeren peal en dêrnei mei de holle op 'e stoepe. Hy is mei ferwûnings oan de holle en in harsenskodding mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De fertochte is ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)