Kamminga winnares yn Yerseke

22 maaie 2011 - 14:27
  • Durk Fabriek stiet noch twad (foto: Martin de Jong)

De 19-jierrige Manon Kamminga fan Haulerwyk wûn sneon de skeelerwedstriid yn Yerseke. Dat wie de sechsde wedstriid om de KPN-cup. Kamminga wie de rapste yn in sprint fan alve froulju. Hilde Goovaerts waard twad en Anniek ter Haar tred.

By de manlju wie der gjin haadrol foar Durk Fabriek fan Jobbegea, al stiet Fabriek noch wol twadde yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)