Deadsbedriging yn Rie
De plysje hat sneontejûn yn Rie in 40-jierrige ynwenner fan dat doarp oanholden op fertinking fan bedriging. Op it keatsfjild bedrige de man in 16-jierrige doarpsgenoat mei de dea.
De jonge die oanjefte wêrnei't de plysje de fertochte yn syn wenning oanholden hat. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.