Froulju ferlieze bekerfinale

22 maaie 2011 - 10:15

De froulju fan SC Hearrenfean binne der net yn slagge om de bekerfinale te winnen. Yn it eigen Abe Lenstrastadion waard sneon foar 4000 taskogers mei 2-0 ferlern fan AZ út Alkmaar.

Yn de earste helte krigen de Feanster froulju de bêste kansen, mar dy waarden net fersulvere. AZ hie oan in pear kânsen genôch en dêrtroch gie de beker mei nei Alkmaar. Foar trainer Rick Mulder wie it syn lêste wedstryd by de froulju fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)