Partoer Koelmans oppermachtich

21 maaie 2011 - 17:45

It haadklasse frouljuskeatspartoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat sneon yn Penjum foar de tredde kear de krânsen pakt. De finale waard mei 5-3 en 6-4 wûn fan preemjewinners Afke Kuipers, Nynke Sijbrandij en Bianca van der Veen.

De lytse preemje op dizze frije formaasjepartij yn Súdwest-Fryslân gie nei it partoer fan Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)