Foppe grypt neist titel

21 maaie 2011 - 17:33

It is Foppe de Haan sneon net slagge om as trainer fan Ajax Cape Town kampioen te wurden fan Súd-Afrika. Yn de lêste beslissende wedstriid kaam de Nesser oefenmaster net fierder as in 2-2 lykspul tsjin Maritzburg United.

Konkurrint Orlando Pirates wûn wol, sadat de Orlando Pirates fan âld-Oranjespiler Ruud Krol gelyk yn punten kaam mei Ajax, mar mei in better doelsaldo. It wie de lêste wedstriid foar Foppe de Haan as trainer fan Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)