Knypster rydt asosjaal op A7

21 maaie 2011 - 14:27

In 41-jierrige man út De Knipe hat freedtemiddei in proses-ferbaal krigen foar asosjaal rydgedrach. Plysjeminsken seagen de man op de A7 by It Hearrenfean mei 160 km riden wylst dêr 120 km tastien is.

Hy helle dêrby frachtweinen yn dy't troch it rydgedrach fan de Knypster op de rem stean moasten. It rydbewiis fan de fertochte is ek ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)