Oerol: soargen oer takomst

Kreatyf direkteur Joop Mulder
De organisaasje fan it festival Oerol op Skylge makket him soargen oer de takomst. It moat besunigje en dêrtroch rekket Oerol mooglik 400.000 euro oan subsydzje kwyt. Dêrmei soe it fuortbestean fan Oerol yn gefaar komme kinne.
Op 27 juny praat de Twadde Keamer oer de kultuer-subsydzjes. Dat is flak nei de jubileum edysje fan Oerol, dat dit jier hâlden wurde sil fan 17 oant 26 juny.