Keunstwurk oantinken flapbrêge

Keunstwurk op de grins fan Koarnjum en Jelsum
De doarpen Koarnjum en Jelsum hawwe wer wat werom krigen fan it karakter fan eartiids. Op de skieding fan beide plakken hat hiel lang in flapbrêge stien, mar dy is yn de jierren sechtich sloopt.
In spesjaal keunstwurk op de grins fan beide plakken lit sjen wat foar brêge der earder west hat. De beide dielen fan de brêge wize elk nei in doarp. Dat moat de ferbining tusken de plakken ferbyldzje.