Soad leararen ferlieze baan

20 maaie 2011 - 21:04

De beide direkteuren fan Proloog, de koepel fan iepenbier ûnderwiis yn Ljouwert, ha dien krigen. Jan de Vos en Sybe de Jong binne ôfrûne woansdei beide fan al har taken ûntheft. As reden jout Proloog de minne finansjele posysje fan de organisaasje.

Der is in skuld fan 4 oant 5 miljoen. Dat soe komme troch besunigings fan de oerheid, mar ek trochdat de direksje te min 'in control' wie. Fan de 400 meiwurkers moatte der ek noch ris tusken de tritich en fyftich út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)