Mei de lift nei top Aldehou

20 maaie 2011 - 15:03

De lift yn de Aldehou yn Ljouwert moat tûzenen ekstra besikers opsmite. Freed koe de lift yn de markante skeve toer testen wurde. Yn 2010 luts de Aldehou yn de simmermoannen hast 11.000 besikers. Mei de komst fan de lift soe dat oantal groeie moatte nei 15.000.

De glêzen lift bringt de minsken nei de nije multymediale presintaasje op de earste ferdjipping. Underweis krije de besikers alfêst de skiednis fan de Aldehou te hearren. De ynbou fan de lift hat goed seis moanne duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)