Ynsidinten jeugd Woodbrookers

20 maaie 2011 - 14:51

It iepen karakter fan behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen soarget foar problemen. Yn it jier dat it sintrum bestiet ha der meardere ynsidinten west. Sa waard persoaniel fan in winkel yn Beetstersweach bedrige. De 64 jongeren kinne fanwege psychyske en gedrachsproblemen net thús wenje. De jeugd dy't yn de iepen ôfdieling sit, giet bûten de ynstelling nei skoalle.

Net alle jeugd kin goed omgean mei dy frijheid, sa waard dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)