F16's troch lûdsbarriêre

20 maaie 2011 - 14:21

Yn parten fan Fryslân binne freedtemiddei twa hurde knallen heard. Dy kamen fan twa F16's fan de fleanbasis Volkel dy't troch de lûdsbarriêre giene. Sy sieten achter in ferkearsfleantúch oan dat al sûnt it oer België fleach gjin kontakt mear hie mei de ferkearslieding.

By Ljouwert koe it ferkearsfleantúch ûnderskept wurde. It kontakt is hersteld en it fleantúch is fierder flein yn de rjochting fan Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)