Gemeente helpt Koornbeurs

De Koornbeurs yn Frjentsjer krijt nochris 50.000 euro fan de gemeente. Dat jild hat it teater nedich om it programma foar it kommende seizoen rûn te krijen. De lêste trije jier krigen se 80.000 euro yn it jier en moasten se in ferbetterplan meitsje. Mar dat hat neffens de riedsleden en wethâlder Twerda neat oplevere. De gemeente springt no dochs wer by om't de ekonomyske krisis as 'verzachtende' omstannichheid sjoen wurdt.