Strak pak foar de fierljeppers

20 maaie 2011 - 11:01
  • It nije pak fan de fierljeppers (foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân)

De fierljeppers út de topklasse springe tenei yn profesjonele fierljeppakken. It binne aerodynamyske strakke pakken, dy't ûntwikkele binne troch de technyske kommisje fan it ljeppersbûn en lykje noch it measte op de pakken fan baanhurdfytsers.

It ljeppersbûn tinkt dat de ljeppers yn de nije pakken noch fierder springe kinne. De wjerstân fan de nije pakken is nammentlik lytser as dy fan de âlde wedstriidklean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)