Omtinken foar doarpen N381

20 maaie 2011 - 10:31

By de oanlis fan de nije dyk tusken Drachten en Assen wurdt der ekstra omtinken jûn oan it oansicht fan Donkerbroek en Wynjewâld. Dizze twa doarpen en Easterwâlde-Noard krije in nije entree. Dêr giet it grutste part fan it jild hinne dat beskikber is om de dyk sa moai mooglik yn it lânskip oan te lizzen.

De gebietskommisje hat 40 miljoen te besteegjen, mar soe lykwols noch wol 20 miljoen ekstra brûke kinne om mear winsken te honorearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)