Bûtenboardmotors stellen
Yn Langwar binne njoggen bûtenboardmotors stellen. Sân motors waarden fan boatsjes ôfhelle dy't yn de haven oan de Ponddyk lizze,. De oare twa waarden stellen út in hok flakby de haven. De dief is deryn kaam troch in rút te fernielen.
Yn Boalsert is in fiskersboatsje stellen. Dat moat tusken woansdeitemiddei en tongersdeitemoarn west ha. De bûtenboardmotor dy't deroan hong, is ek fuort.