Ferset tsjin ponttaryf De Burd

20 maaie 2011 - 09:50

De gemeente Boarnsterhim mei fan alle bewenners like folle fearjild freegje foar pont De Burd. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. Earder hie de gemeente noch in koarting jûn oan bewenners dy't foar 1980 al op it eilân wennen.

Ien fan de bewenners dy't al jierren op it eilân wennet hat beswier makke tsjin de nije tariven, mar is troch de rjochtbank yn it ûngelyk steld. Hy giet yn heger berop en as it moat gean se nei it Europeeske Hôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)