Sintrum Kollum op de kop

19 maaie 2011 - 21:43
  • De Foarstrjitte fan Kollum

It winkelsintrum fan Kollum giet folslein oer de kop. De ferbining tusken de Foarstrjitte en it winkelsintrum oan de Andreaestraat sil flink oanpakt wurde. Der wurde panden sloopt en oanpast, der wurde nije winkelromten boud en der komme ekstra parkearplakken.

Kommende moandei wurdt it offisjele startskot jûn troch de ûndertekening fan de oerienkomst mei alle partijen dy't by de renovaasje belutsen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)