Gjin 'Muziek aan Zee' yn Harns

19 maaie 2011 - 20:28

It muzykfestival "Muziek aan Zee" yn Harns giet dit jier net troch. De organisaasje kin de begrutting net rûn krije. It fergese festival op it strân moat it hawwe fan sponsoring troch bedriuwen en de gemeente, mar dy wiene dit jier minder royaal as oars. De stichting hat dêrom besletten it festival dit jier te skrassen.

Takom jier wolle se dan mei in nije opset komme. It festival wurdt sûnt 2006 hâlden en luts gemiddeld 5.000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)