Problemen Himmelum oplost

Boargemaster Apotheker
Der komt in ein oan de slepende rúzje tusken twa húshâldings yn Himmelum. Ien fan de twa húshâldings sil ferhúzje, de wenningboukorporaasje hat harren hús kocht. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat yn de kwestje bemiddele.
De saak kaam sels lanlik yn it nijs en der waarden keamerfragen oer steld. De plysje hat wol hûndert kear west, mar koe de rúzje net oplosse. De ferhuzing wol net sizze dat dat gesin de skuldige yn it konflikt is.