Fair-play priis SC Hearrenfean

19 maaie 2011 - 19:15

Sportklup Hearrenfean hat dit seizoen de Fair Play-priis wûn. Dêrmei mei Hearrenfean him de sportyfste ploech fan Nederlân neame. De KNVB rikt dizze priis alle jierren út. It fuotbalbûn sjocht ûnder oare nei it tal giele en reade kaarten dat de klup krijt, it gedrach fan it publyk en it respekt dat spilers foar de skiedsrjochter ha.

Hearrenfean wint mei dizze priis 10.000 euro dy't se yn in maatskiplik projekt stekke meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)