Kooyenga Groep groeit

19 maaie 2011 - 18:35

De Kooyenga Groep út Dokkum hat de ôfrûne wiken twa brânzjegenoaten oernommen.

It giet om detasjearringsbedriuwen út Utrecht en Amsterdam. Der is op dit stuit net folle wurk yn dizze brânzje mar neffens Kooyenga lûkt it wurk nei de simmer wer oan en komt de groei der dan wer yn. Op langere termyn is der wer folle mear ferlet fan tydlike beliedsadviseurs. Mei dizze oername komt it tal bedriuwen yn de Kooyenga Groep op goed 20.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)