Biogaslieding fan Hantumhuzen

In fergistingssintrale yn Hantumhuzen (foto: Omrop Fryslân)
It kolleezje fan Dongeradiel hat ynstimd mei it plan foar de oanlis fan in biogaslieding tusken Hantumhuzen en Ljouwert. It bedriuw Stedin dat de lieding oanleit, hat in fergunning krige. Boeren yn Noardeast-Fryslân produsearje it biogas. Dat giet dan troch de lieding nei in suveringsynstallaasje yn Stiens.
B. en w. fan Dongeradiel binne wakker te sprekken oer de biogastechnyk. It draacht by ta in duorsume enerzjyfoarsjenning.