Maarten de Jong by Feanfroulju

19 maaie 2011 - 17:13

Maarten de Jong is de nije assistint-trainer fan it frouljusteam fan SC Hearrenfean. Dat hat de klup tongersdeitemiddei bekend makke. De âld-spiler fan SC Hearrenfean folget Marleen Wissink op.

De Jong sil ek fungearje as teammanager fan it frouljusteam. De 49-jierrige De Jong spile yn de perioade fan 1984 oant en mei 1995 mear as trijehûndert wedstriden yn it pompeblêdeshirt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)